.
THÚS FOAR FRYSKE MUZYK
Services

STUDIO / REPETITIE RUIMTE

Sykest in plak om dyn ban d op te nimmen of te repetearjen? Of wolst gewoan even lekker lûd meitsje? Us studio yn Ljouwert is dé spot foar muzikanten fan alle sjenres!
Mei profesjonele opnamemooglikheden en in goed ynrjochte repetysjeromte bist hjir op it goede plak, oftst no in begjinnende band bist of in erfarne artyst. De sfear is ûntspannen, de fasiliteiten binne top en it lûd? Dat sit hjir altyd goed!
Kom del, plug yn en meitsje muzyk – wy sjogge dy graach yn ús studio yn Ljouwert


GELUIDSVERHUUR

Organisearrest in feest, konsert of grut evenemint? Frisian Music soarget foar in profesjonele PA-lûdsynstallaasje, sadat dyn muzyk knalt en elkenien meigenietsje kin fan perfekt lûd!
Wy leverje topkwaliteit lûd foar binnen- en bûtendoar eveneminten, mei profesjonele apparatuer en ûnderfining. Oft it no in lyts feest of in grut festival is, wy soargje foar de bêste klank!
Meitsje fan dyn evenemint in súkses mei it krêftige lûd fan Frisian Music!


MUZIEKPRODUCTIE

Hast in geweldige idee of moaie teksten, mar noch gjin muzyk? By Frisian Music meitsje wy dyn ferske ta realiteit! Tegearre wurkje wy oan de komposysje, ynstrumintaasje en produksje, sadat dyn muzyk klear is foar distribúsje.
Bist in band en wolst in album of inkelde tracks opnimme? Wy biede in profesjonele studio oan wêr’tst alles fêstlizze kinst. En as it nedich is, soargje wy foar de mixing en mastering, sadat dyn muzyk perfekt klinkt!
Fan earste idee oant folsleine produksje – Frisian Music helpt dy op wei!


BOEKINGEN

Wolsto optreden, mar witst net wêr’tst begjinne moatst? Frisian Music nimt it foar dy út hannen! Mei jierrenlange ûnderfining en in breed netwurk fan poadia en eveneminten, fine wy de perfekte gigs foar dy.
Oftst no solo-artyst bist of in band, wy helpe dy om op ’e planken te stean en dyn muzyk mei it publyk te dielen. Wy regelje de bookings, sadatsto dy folslein op dyn optreden rjochtsje kinst!
Lit dyn muzyk hearre – Frisian Music bringt dy op it poadium!