.
THÚS FOAR FRYSKE MUZYK




 

Wolkom by Frisian Music, it plak dêr’t muzyk en passy gearkomme! 

Frisian Music is in gearwurking tusken Emiel Stoffers, Jeroen Seinstra en Jacob Wijnsma. Troch de jierren hinne ha wy aardich wat ûnderfyning yn'e muzyk en alles wat der by heart. Wy ha sa elk ús ekspertise en ha beslúten om ús kreften te bundeljen.

 Wy binne hjir foar sawol begjinnende as betûfte artysten dy’t har muzyk nei in heger nivo bringe wolle. Mei in eigen studioromte biede wy net allinnich de mooglikheid om profesjonele opnames te meitsjen, mar ek om te repetearjen en ynspirearre te wurden troch oare muzikanten. In wiere social hub foar de Fryske muzykmienskip!
Mar dêr bliuwt it net by. Frisian Music helpt dy ek mei boekingen – wy sette ús yn om optredens foar dy te regeljen en soargje derfoar dat alles oant yn de puntsjes goed regele is. Wisto in track of album opnimme? Fan de earste opname oant de útfiering op streamingplatfoarms, cd of vinyl – wy begeliede dy fan A oant Z.
Leauwst yn dyn muzyk? Wy ek! 

Nim gerêst kontakt mei ús op en ûntdek wat Frisian Music foar dy betsjutte kin.

Emiel, Jeroen en Jacob